De jeugd hat de takomst

De lêste jierren is it Sint Nykster Toaniel hieltyd aktiver dwaande west de jeugd by harren aktiviteiten te belûken. Yn Sint Nyk wurdt de animo om ek ris toaniel te spyljen hieltyd grutter en seker ek by de jeugd. “De jeugd hat de takomst”. No, dêr wolle wy ek graach oan meiwurkje.
Yn de hjerstfakânsje fan 2019 ha wy, ûnder lieding fan in profesjoneel regisseur, in workshop organisearre. Dit wie in grut súkses. D’r wurdt noch hieltyd mei in soad entûsjasme oer praat. Fanwege dat entûsjasme ha wy it beslút naam in toanielstik út te sykjen, dat past by de jeugd fan 12 o.e.m. 25 jier. Op dit stuit is de jeugdkommisje drok dwaande mei it sykjen fan in gaadlik stik. As wy dat ha, sette wy sa gau as mooglik útein.
Mei de lêste twa edysjes fan de Krystkuier yn Sint Nyk hat de jeugd ek syn stientsje bydroegen. Hja ha doe in ek in stik útfierd. Dizze bydrage wurde troch de kuierders/taskôgers tige wurdearre.
Fansels kin in toanielstik net spile wurde sûnder dékorbouwers, minsken dy lûd en ljocht fersoargje, in regisseur, grimeurs, ynstekkers, guon minsken foar de klaaiing, ensafierder. Ek hjirfoar hawwe har al in tal entûsjaste minsken opjûn. Mar d’r kinne noch mear by.
Asto no nei it lêzen fan dit berjocht fan betinken bist dat toanielspyljen en dy oare boppesteande aktiviteiten wat foar dy is, belje, mail as app dan Yme Nota, y.nota@ziggo.nl / 062000466. Wy nimme dan kontakt mei dy op.
D’r is neat moaier as mei in ploech entûsjaste minsken te wurkjen oan in toanielstik, mei as klap op de fjoerpylk in fantastysk optreden en in daverjend applaus.